Positive jiersifers oer de WW, mar wol mear minsken trochstjoerd yn oktober

It tal WW-útkearings yn Fryslân is yn de ôfrûne jier omleechgien. Dat docht bliken út sifers fan it UWV. Mear minsken fûnen wurk troch de geunstige ekonomy. Der streamden ek minder minsken troch nei de bystân.
© ANP
Dochs is it net allinnich mar goed nijs, want yn de ôfrûne moanne fan oktober gie it tal WW-útkearingen krekt omheech. Benammen yn de sektoaren fan de hoareka, de lânbou, it ferfier en ûnder útstjoerkrêften wiene der mear minsken dy't harren baan ferlearen. It UWV jout dêr gjin direkte oarsaak foar, mar der soe tocht wurde kinne oan seizoenswurkers dy't benammen yn de simmermoannen yn aksje komme moatte, en mei de hjerst wer fuort moatte.

Nei de bystân

It tal minsken dat yn de ôfrûne moanne fan de WW nei de bystân trochstreamde is behoarlik minder wurden. Yn 2018 kamen 626 minsken fan de WW yn de bystân. Dat wiene trijehûndert minder as yn 2017. Hieltyd mear minsken fine yn de WW wer in oare baan. Trijekwart fan de wurksykjenden fûn wer in baan.