Kollum: "Hol rjochts"

21 nov 2019 - 08:21

"It hat it nijs amper helle. It Fonds Podiumkunsten is dizze wike koarte mei 8,6 miljoen euro. Op in jierliks budzjet fan 62 miljoen, dêr't bygelyks Tryater ek wat fan kriget, is dat 14% minder. It wie dat ik snein by in teäterfoarstelling wie, mar oars hie ik it net iens witten. De poadiumkeunstesektor protestearre noch even, foar it Twadde Keamergebou, mar it helle neat út. It jild is no bestimd foar 'ûntwikkelingsynstellings', fyftjin. Dy moatte dus elts foar in heale ton in nije organisaasje út 'e grûn stampe, wylst de gruttere selskippen, dy't harren in ûngelok ûntwikkelje, no minder krije.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Moandei wie dat debat. It ferslach fan de gearkomste fan de kommisje Onderwijs, Cultuur en Wetenschap stiet online. Martin Bosma fan de PVV set ôf, en begjint in relaas oer Swarte Pyt en hoe't alles de skuld is fan links. Hy docht dit ien dei nei it fuotbalrasisme troch FC Den Bosch-fans. Sân pagina's lang hâldt Bosma in betooch mei stânpunten dy't tsien jier lyn al efterhelle wiene, en mei propagandistyske teksten sûnder iennige grûn yn 'e werklikheid.

Mar goed, it is in frij lân. En je sille de PVV ek mar wêze. Oan de rjochterkant ynhelle troch Forum voor Democratie, en je dan as rjochtse opposysjepartij ôfsette moatte tsjin de regearjende rjochtse VVD. Mei Geert Wilders oan kop, de man dy't it op twa nei langst sittende Keamerlid is, dy't him de fingers blau tikket oan tweets oer suver alles en neat, mar it de ôfrûne dagen te drok hie om eat oer FC Den Bosch heare te litten.

Der wie in in oanslach op him oankundige, troch dy mafkees dy't Amerikaanske toeristen delstuts op Amsterdam CS, om't er de memo net krigen hie dat Wilders in cartoonwedstriid ôfsein hie. Tsjin dy man waard seis jier sel easke, en hy krige der tsien. Terjochte, ast it my fregest, mar ek útsûnderlik: safolle mear. Hawwe PVV'ers mei Bosma foarop oanhâldend krityk op rjochters, dat dy sa links wêze soene, no hearden we se der net oer.

Nee, Wilders skode syn twadde man nei foaren yn in debat oer kultuer. Wêryn't, op it stuit dat it hiele lân oer FC Den Bosch foel, Martin Bosma siet te kraaien dat Swarte Pyt echt net rasistysk is en dat de stipe foar Swarte Pyt allinnich mar tanimt, jawol, oant 95% prosint. As it oan Bosma leit, wint syn partij by de folgjende ferkiezingen mei 120% fan 'e stimmen.

Bosma bliuwt wurkjen oan it idee fan in grut links komplot, tegearre mei Wilders en einliks ek mei Baudet. In komplot oer hoe't der yn de Nederlânske ynstitúsjes 'linkse' minsken sitte; yn de sjoernalistyk, yn it ûnderwiis, by de omroppen, it KNMI, de rjochtbanken en fansels yn de keunsten. Sa'n komplot dat like goed oarsom stân hâlde kin: in rjochts komplot yn alle ynstitúsjes, en dêr kinst dan like folle 'bewiis' - tusken skrapkes - foar fine.

Undertusken hawwe we al jierren lang rjochtse kabinetten. Rjochts regearret, en ferdielt it jild, besunigjend op dat linkse ûnderwiis, de linkse soarch en fansels dat linkse teäter. Alle krityk dy't bestiet op dat rjochtse belied, liket fansels fan links te kommen. En dat komt Bosma ferrekte goed út, want sa liket alles links.

It sil wol. Undertusken reitsje de teäterselskippen jild kwyt. Besluten yn in debat wêryn't de bydrage fan de PVV beheind is ta in werhelling fan partijstânpunten, wat fabelfeiten oer Swarte Pyt en dat de Nederlânske ynstjoering foar it Eurovisie Songfestival dochs echt yn it Nederlânsk songen wurde moat. Ik fersin dit net. Oer FC Den Bosch gjin wurd, wylst dat op it momint fan it debat it nijs behearske, en it ek dúdlik wie wat dêr oan 'e hân wie. En as je dat net snappe, binne der wol wat aardige teäterstikken dy't wat helderheid yn it tinken krije kinne. No allinnich noch hoopje dat der in akteur te finen is dy't dat fergees spylje wol.

Neam my of dizze kollum mar links. It sil wol; it is in jij-bak. Ik krij sels de yndruk dat we yn Nederlân dit echoënde, holle lûd fan rjochts no wolris heard hawwe."

(advertinsje)
(advertinsje)