Bousektor wiis mei alternatyf stikstofplan fan de boeren

21 nov 2019 - 07:52

De bousektor is bliid mei de hânrikking dy't de agraryske sektor woansdei die, mei it oanbieden fan in alternatyf stikstofplan. Dit plan is troch trettjin ferskate partijen fan de lânbousektor tekene, en oerlange oan it kabinet. It agraryske plan kin neffens Marten Cornel fan Bouwend Nederland ek positive gefolgen hawwe foar de bousektor.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Harkje nei it folsleine petear mei Cornel

Ien fan de saken dêr't de bousektor mooglik troch holpen wurde kin, is it oerheveljen fan stikstof nei de bou. Bygelyks as boeren op in oare wize besykje te wurkjen, en sa minder stikstof útstjitte, dan soe de bousektor dat ekstra bytsje romte brûke kinne foar har eigen projekten.

Cornel: "Der leit no in foarstel om te kommen ta in stikstofbank. Dêr soene je bygelyks grutte ynfraprojekten en wenningbou mei los lûke kinne." De bousektor makket him benammen soargen oer de wurkgelegenheid yn de sektor, want it wetter stiet de bedriuwen oan de lippen.

Untslaggen mei krysttiid

"De boerefoarstellen soene betsjutte kinne dat wy de minsken oan it wurk hâlde kinne", jout ek Cornel ta. Benammen tiid is in krityske faktor yn de sektor: "Stel dat der oer in heal jier in oplossing komt, dan is der by alle bedriuwen in gat yn de planning fallen, en dat is net op te lossen." De earste ûntslachrondes soene neffens Cornel al mei de krysttiid komme kinne, en ek falliseminten wurde op koarte termyn net útsluten.

It foarstel fan de boeren komt dus op in goed momint: "Wy fine it in prachtich moaie hânrikking fan de agraryske sektor, dêr binne wy tige wiis mei." It kabinet moat noch wol te set oer de plannen fan de boeren.

(advertinsje)
(advertinsje)