'Hotspots' plastic kerrels op strân Skiermûntseach yn kaart brocht

Plastic kerrels binne suver it symboal wurden fan de fersmoarging fan de Noardseestrannen en de Waadkust troch it kontenerskip MSC Zoe. Op Skiermûntseach tinke se dat der fan de maitiid sa'n 70 prosint fan de kerrels opromme binne, mar dat betsjut dat der noch ek noch in soad leit. Foar it earst is no dúdlik wurden, wêr't se lizze.
'Hotspots'plastic kerrels op Skiermûntseach yn kaart brocht
Om út te finen wêr't de measte plastic kerrels lizze, hat studint Jan Willem Graal fan Van Hall-Larenstein yn opdracht fan Natuurmonumenten mei in fjouwerkantsje fan 40 by 40 sintimeter stekproeven dien oer it hiele Noardseestrân. Dêr is útkaam dat de grutste konsintraasjes kerrels, de saneamde 'hotspots', by peal 10 en peal 8 lizze. Dat lêste plak is oan de ein fan de Reddingsweg en dêr binne 363 kerrels fûn yn sa'n lyts oerflak.
Op de read kleurde plakken lizze de measte plastic kerrels © Natuurmonumenten & Van Hall-Larenstein
Fan it strân omheech nei de dunen ta wurdt de situaasje hieltyd slimmer. Dat der noch wol it ien en oar leit, wie bekend. Mar Natuurmonumenten woe witte wêr krekt, ek om de kerrels opromje te kinnen.

Grutte skrik

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach skrikt dochs wer fan de útkomst. "Het breekt je hart aan de ene kant, maar het maakt je ook strijdbaar. Want als ik het zie, denk ik: deze rotzooi moet hier gewoon weg. We hebben een paar weken geleden ook met de Onderzoeksraad voor de Veiligheid deze locaties bezocht en ook zij schrokken daar echt van. Ik hoop dat ze dit nu goed op het netvlies hebben en ook in hun eindrapportage meenemen. Dat als dit soort calamiteiten gebeuren de vervuiler moet betalen en ook alles moet opruimen."
Plastic kerrels yn de hân fan Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten © Remco de Vries, Omrop Fryslân
No't wis is wêr't de kerrels lizze, kin it probleem oanpakt wurde. Sa gau mooglik opromjen leit foar de hân, ek omdat de kerrels yn it stoarmseizoen troch wyn en wetter nei oare plakken brocht wurde kinne. Oer de bêste wize wêrop't dat barre moat, is noch gjin dúdlikheid. Der wurdt bygelyks sjoen nei de ynset fan relatyf lyts ark, sa as omboude bledblazers.
Op ien fan de hotspots seit Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten: "Ik ha sels net de yllúzje dat wy it hielendal skjin krije. Wy sjogge it no sels, it leit oeral. En it spielt alle dagen noch oan en it wurdt wer meinaam troch de see. As je wat dogge, moatte je dat hiel lang en hiel soarchfâldich dwaan. Dat is in heidensk 'karwei'. Dêr moatte wy ek net oer diskusjearje, mar wy moatte sjen wat de 'best practices' binne om it eilân sa skjin mooglik te krijen."
Ien fan de plakken dêr't noch in soad kerrels fûn binne © Remco de Vries, Omrop Fryslân