Nije bestimming fûn foar leechsteand gemeentehûs yn Stiens

Lang om let is der in nije bestimming fûn foar it âlde gemeentehûs fan Ljouwerteradiel yn Stiens. It multyfunksjoneel sintrum De Skalm en de pleatslike biblioteek komme der yn.
Gemeentehus Stiens
It eardere gemeentehûs yn it sintrum fan Stiens stiet der leech en ferlitten by sûnt it syn funksje ferlear nei de fúzje mei de gemeente Ljouwert op 1 jannewaris 2018. It gebou dêr't De Skalm no noch yn sit, sil ferkocht wurde. Nei alle gedachten komme dêr nije wenten te stean.