Gifkes fan Omrop Fryslân al mear as 250 miljoen kear besjoen

Gifkes, bewegende plaatsjes sûnder lûd, binne net mear fan it ynternet wei te tinken. Gifkes kinne je brûke op ûnder oare Twitter, WhatsApp, Facebook en Instagram. Ek Omrop Fryslân makket sûnt 2017 gifkes en dy wurde goed besjoen: yn totaal hawwe de gifkes fan Omrop Fryslân al mear as 250 miljoen 'views'.
© Omrop Fryslân
De 'gifkening' fan Omrop Fryslân is Lars Hoekstra. Hy betinkt en makket de measte gifkes. Op de online redaksje ûntstie sa'n twa jier lyn it idee. "Doe hiene we soks fan: 'wat soe it aardich wêze as we gifkes ferfryskje. En ek de meme-kultuer in bytsje Frysk meitsje.'"
Dêrtroch wie Omrop Fryslân der betiid by en stiet de teller al op likernôch 730 gifkes en dus 250 miljoen 'views', mear as alle oare regionale omroppen byinoar. En dêr is Hoekstra dochs wol in bytsje grutsk op: "Ik ben net sa fan it sels skouderklopkes jaan, mar de oare omroppen tikke miskien de 10 miljoen oan."

Net al te serieus

Mar wêrom brûke minsken eins al dy gifkes? "Je kinne se oeral brûke", seit Hoekstra. "It is in bytsje de nije emoji, om it sa mar te neamen. Der sit krekt wat mear ekspresje yn, it is faak wat persoanliker." En de humor fansels. "Wy dogge ús bêst om it net al te serieus te nimmen. It mei ek wol in bytsje plat."

Alle gifkes binne werom te finen yn de apps mar, ek op Giphy. Sjoch hjirûnder de populêrste gifkes.
Lars Hoekstra oer de gifkes

De top 5

Nûmer 5 - 5.085.008 views
Nûmer 4 - 5.281.775 views
Nûmer 3 - 5.945.411
Nûmer 2 - 7.054.227 views
Nûmer 1 - 16.924.234 views
Ast spesifike Fryske gifkes sikest, kinst ek sykje op: