Tichte mist yn Fryslân soarget foar meardere ûngelokken

20 nov 2019 - 21:03

De tichte mist dy't woansdeitejûn oer de provinsje hinget, hat foar ferskate ûngelokken soarge. De spits ferrûn frij normaal kwa files en opûnthâld, dochs rekken der twa auto's fan de dyk. Dat barde op de Trekwei by Kollum en op de Humaldawei by Ie. Yn Drachten ha twa ûngelokken west op rotonden.

Foto: De Vries Media

Auto by fersin yn Trekfeart

Op de Trekwei by Kollum rekke in frou by fersin mei har auto yn de Trekfeart, doe't sy fan de oprit ôfkaam. Se bedarre yn it wetter, fermoedlik om't se de dyk troch de mist net goed sjen koe. De helptsjinsten waarden manmachtich oproppen, mar blieken net nedich doe't de frou sels út har auto klimme koe. Sy waard by in hûs yn 'e buert opfongen en is letter sels nei hûs ta gien. De Trekwei wie by de berging fan de auto ôfsletten foar it trochgeande ferkear.

Auto tsjin hikke

Op de Humaldawei by Ie rekke in autobestjoerder mei syn auto yn de berm, hy makke in stjoerkorreksje en botste dêrnei op in read hek lâns de kant fan de dyk. De man is troch ambulânsepersoniel behannele, mar hy hoegde net nei it sikehûs.

Foto: Pro News

Twa ûngelokken yn Drachten

Op twa rotonden yn Drachten binne ek ûngelokken bard. By in ûngelok op De Folgeren rekke in scooterrider ferwûne, hy is mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. Op de rotonde fan de Lauwers mei de Postlaan waard in fuotgonger skept troch in automobilist. De fuotgonger is troch ambulânsepersoniel behannele en dêrnei nei it sikehûs oerbrocht.

Foto: KNMI

Koade giel

It KNMI hâldt foarearst koade giel oan fanwegen tichte mist. It sicht kin lokaal minder as 200 meter wêze. De warskôging jildt yn alle gefallen oant middernacht.

(advertinsje)
(advertinsje)