Projekten op Waadeilannen krije goed 280.000 euro út Iepen Mienskipsfûns

Achttjin inisjativen op de Fryske Waadeilannen krije yn totaal goed 280.000 euro fan it Iepen Mienskipsfûns. It giet om projekten dy't de leefberens fan de eilannen fersterkje moatte op it mêd fan natuer, kultuer en sport. De projekten kostje mei-inoar 1,2 miljoen euro.
© Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Sa krijt bygelyks Het Koningshuis op Skiermûntseach 35.000 euro om besikers de gelegenheid te jaan harren te ferdjipjen yn de skiednis fan it eilân. Op Skylge wurdt de jachthaven duorsumer makke mei jild út it fûns. Op Flylân wurdt it gebiet om de fjoertoer hinne op 'e nij ynrjochte en op It Amelân komme twa observaasjeposten yn it dúngebiet by Hollum.
De neamde projekten krije it measte jild, mar der binne noch alderhande lytse inisjativen dy't ek in bydrage krije fan it Iepen Mienskipsfûns.