FIDEO: Soarchpersoniel yn aksje foar bettere CAO

20 nov 2019 - 19:46

Yn it hiele lân ha sikehûsmeiwurkers woansdei it wurk dellein. Yn Utrecht wie in grutte manifestaasje en ek yn de Fryske sikehûzen waard der demonstrearre. De aksjefierders draaiden sneinstsjinsten, omdat se fine dat de wurkdruk te heech en it salaris te leech is.

Al moannen is der rûzje oer de CAO fan it sikehûspersoniel, en de partijen lykje mar net tichter by mekoar te kommen. Foar de fakbûnen reden om in lanlike sikehûsstaking út te roppen.

Der wiene ûnder oare ludike aksjes en taspraken. Op It Hearrenfean hongen de himden út de ruten, yn Ljouwert wie der in muzikaal protest en yn Drachten wie in ekstra BHV-oefening. Yn totaal leinen yn Fryslân fjouwer sikehuzen en trije polykliniken it wurk del.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)