Gerben Huisman nije sekretaris-direkteur Waadfûns

20 nov 2019 - 19:36

De 42-jierige Gerben Huisman wurdt de nije sekretaris-direkteur fan it Waadfûns. Huisman folget Marre Walter op, dy't de ôfrûne twa jier ynterim-direkteur west hat.

Gerben Huisman yn It Polytburo - Foto: Omrop Fryslân

Gerben Huisman wie sûnt de simmer fan dit jier direkteur fan it partijburo fan de ChristenUnie. Foar dy partij stie hy ek op it 11e plak op de list foar de Twadde Keamerferkiezings fan 2017. Huisman hat dêrfoar mear as tsien jier foar de provinsje Fryslân wurke, wêrûnder as griffier yn de Provinsjale Steaten. Huisman fynt it lieden fan it Waadfûns in moaie útdaging.

It Waadfûns is in mienskiplike regeling fan Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân. It fûns ynvestearret yn inisjativen en projekten dy't de ekology en duorsume ekonomyske ûntwikkeling yn it Waadgebiet fersterket.

(advertinsje)
(advertinsje)