IepenUP Live op Explore the North yn Ljouwert

20 nov 2019 - 19:30

De talkshow IepenUP Live wurdt dizze woansdei net útstjoerd út Neushoorn wei, mar is live yn De Stadskas yn Ljouwert fanwege it festival Explore the North. It tema dit jier is 'Jonge Makers'. Wa binne de nije minsken dy't de poadiumkeunsten yn Nederlân feroverje sille. Wat driuwt se en hoe sjogge se tsjin de wrâld en it 'maakklimaat' oan?

De gasten binne de Egyptysk-Nederlânske sjoernalist, skriuwer en teäterprodusint Mounir Samuel, skriuwer, dichter en performer Joost Oomen en de garage-jazzband Kruidkoek.

Der wurdt ek praat oer de foarstelling Nieuwe Werelden, wêryn't fjouwer teams fan keunstners út Nederlân en België yn in eardere maneezje yn Ljouwert sjen litte hoe't de wrâld derút komt te sjen yn de takomst.

Foto: IepenUP

IepenUP Live wurdt dizze woansdei útstjoerd út De Stadskas wei, op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)