Frou rekket swierferwûne by ûngelok Aldeberkeap

In frou is woansdeitemiddei swierferwûne rekke op de Stellingenwei N351 by Aldeberkeap. Se botste mei har auto tsjin in beam neist de dyk.
© De Vries Media
De helptsjinsten kamen op it plak fan it ûngelok en ha de frou út har auto helle. Nei behanneling is se mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.
De dyk waard ôfsletten troch de plysje, ferkear moast omride fia de paralleldyk. De ferkearsspesjalisten fan de plysje ûndersykje de tadracht fan it ûngelok. De mist soe mooglik ynfloed hân ha.