Tresoar organisearret ferhale- en gedichtewedstriid oer '75 jier frijheid'

20 nov 2019 - 17:34

Histoarysk sintrum Tresoar ropt skriuwers en dichters op om ferhalen en gedichten te meitsjen oer '75 jier frijheid'. Tresoar organisearret dêrfoar in wedstriid om te betinken dat der 75 jier lyn in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch.

Foto: Tresoar

De ferhalen en gedichten kinne yn it Frysk skreaun wurde, of yn ien fan de Fryske streektalen. Der binne meardere prizen te winnen. De winners wurde publisearre yn de april-edysje fan Letterhoeke, it blêd fan Tresoar.

(advertinsje)
(advertinsje)