HEA! Mei de HEA!-caravan nei Bakhuzen
HEA! komt nei jo ta, mei de iennige echte HEA!-caravan! Rûnom yn de provinsje dûkt de caravan op, op syk nei moaie en bysûndere ferhalen. Yn Bakhuzen krigen we ûnder oare besite fan twa nonnen en in shantykoar, seagen we by de follybalkabouterkes en bedarren we yn de kroech tusken de biljerters.