Boete foar Brandweeropleidingen Noord nei ûngelok yn Aldehaske wie net terjochte

De boete dy't it fakbewaamheidsynstitút Brandweeropleidingen Noord BV (BON) yn 2015 krige fanwege in bedriuwsûngelok yn 2015, wie net terjochte. Dat hat de Raad van State woansdei yn heger berop fêststeld. By it ûngelok rûnen twa kursisten slimme brânwûnen op.
Brânwachtauto © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It ûngelok barde op 29 maaie 2015 by in oefening op in skip yn Aldehaske. Twa aspirant-brânwachten fan de brânwachtgroep Ternaard krigen by in saneamde 'hitte-gewenningsoefening' earste- en twaddegraads brânwûnen oan harren hannen. Se binne yntusken wer hielendal opknapt.
Steatssekretaris Tamara van Ark fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid joech in boete fan 7.200 euro oan it opliedingsynstitút. Neffens Van Ark wie it in arbeidsûngelok en wie de Arbeidsomstannichhedenwet fan tapassing. De Raad van State is it dêr net mei iens. Neffens de ried is BON gjin wurkjouwer fan de kursisten en jildt de Arbowet dan net.