Dirk Kuyt fuotballet op It Hearrenfean mei minsken mei in beheining

20 nov 2019 - 14:34

Ald-proffuotballer Dirk Kuyt wie woansdei op besite op It Hearrenfean, om dêr te fuotbaljen mei de meiwurkers fan it restaurant Brownies en Downies. Yn dat restaurant wurkje benammen minsken mei in beheining.

Foto: Dennis Stoelwinder

It entûsjasme wie grut doe't Kuyt út it buske stapte. De âld-fuotballer bringt in besite oan it restaurant yn it ramt fan syn eigen Dirk Kuyt Foundation. Dizze organisaasje set har yn om minsken mei in beheining op in positive wize yn de kunde komme te litten mei sport.

Njonken de meiwurkers fan Feanster lokaasje fan Brownies en Downies, wiene ek de meiwurkers fan Snits en Ljouwert oanwêzich. De besite oan It Hearrenfean is ûnderdiel fan in toer dy't de fuotballer troch it lân makket.

(advertinsje)
(advertinsje)