Mear as 84.000 euro foar toaniel en muzyk yn Waadhoeke

De gemeente Waadhoeke makket yn totaal 84.195 euro beskikber foar in grut ferskaat oan toaniel- en muzykferienings. De ferienings krije it jild ûnder oare foar bysûndere foarstellingen of it ynhieren fan in dirigint.
Trompet © Shutterstock.com
De toanielferieningen moasten om yn oanmerking te kommen foar de subsydzje in bysûndere foarstelling op de planken bringe. Dat is by alle sân yntsjinners slagge. Sy dogge bygelyks foarstellingen folslein yn it Biltsk of Frysk. Ek wurdt der in spesjale foarstelling organisearre wêrby't de jeugd en folwoeksenen foar ien kear mei-inoar spylje.
Neffens wethâlder Jan Dijkstra fan kultuer binne dit soarte subsydzjes tige wichtich. "Mei dizze subsydzjes kinne toaniel- en muzykferienings bestean bliuwe en fersterke wurde foar de takomst."