Staking by MCL yn Ljouwert: Ried fan Bestjoer wiist nei lanlik oerlis

20 nov 2019 - 13:52

Ek by sikehûs MCL yn Ljouwert wurdt woansdei staakt. Erica Bakkum fan de Ried fan Bestjoer fan sikehûs MCL kin gjin tasizzingen dwaan oer in bettere cao foar de soarchmeiwurkers: "Je weet dat het op de onderhandelingstafel ligt, maar de officiële partij is de Nederlandse Vereniging voor Ziekenhuizen. Zij voert daar de onderhandelingen voor en dat laten wij ook graag zo. Er is een behoorlijke toenadering gedaan, maar het is aan de NvZ."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Yn it Ljouwerter sikehûs hingje ferskate spandoeken mei teksten as: "Een injectie van 5% komt ten goede aan de patiënt" en "Kwaliteitszorg verdient een goed cao, 5% = reëel." Guon personiel is ferklaaid en yn de hal binne ferskate taspraken, ek fan de Ried fan Bestjoer fan it sikehûs.

"Wat we in het MCL doen is met man en macht de complexiteit proberen te begrijpen en ook de werkdruk en de waardering aan te pakken," seit Erica Bakkum fan de Ried fan Bestjoer.

Erica Bakkum fan de Ried fan Bestjoer fan sikehûs MCL

FNV: "Lit jimme sjen"

Erik Gerritsen fan fakbûn FNV seit: "Dat het zó'n draagvlak heeft onder de medewerkers, dat is een stimulans dat we op het goede pad zitten. Naast structurele loonsverhoging voor 2020 en 2021 willen we ook dat er voor 2019 nog iets op tafel komt wat structureel is. Niet een eenmalig bedrag, want dat verdampt. Dus ook voor 2019 moet er een structureel bod op tafel komen."

Neffens Gerritsen hat de Ried fan Bestjoer fan it sikehûs in sympatike taspraak holden. Mar is net genôch, fynt hy. "De Raad van Bestuur is ook onderdeel van de werkgeversclub. Dan denk: ik laat het dan ook daar zien en laat je invloed gelden zodat we die cao krijgen."

Ferskate taspraken en aksjes yn sikehûs MCL yn Ljouwert

Trefwurden: 
Ljouwert staking sikehûs MCL
(advertinsje)
(advertinsje)