Lânboukollektyf komt mei alternatyf stikstofplan

20 nov 2019 - 22:15

In lânboukollektyf fan 13 boere-organisaasjes hat in alternatyf stikstofplan skreaun en oanbean oan it kabinet. Under foarsitterskip fan Aalt Dijkhuizen is it rapport Uit een gecreëerde Impasse oanbean oan minister Carola Schouten. De boeren fiele harren yn de kjeld setten troch it regear. In pear fan de foarstelde maatregels: kij mear yn de greide, minder aaiwyt yn it feefoer en dong oanlingje mei wetter.

Ek moat in ophâld- en sanearringsregeling yn de bargehâlderij op koarte termyn stikstofromte opleverje. It plan komt by 13 organisaasjes wei. Dêr hearre bygelyks Dutch Dairymen Board, LTO Nederland en de Nederlandse Akkerbouw Vakbond by.

Rânebetingsten

It lânboukollektyf stelt ek in tal rânebetingsten. Dat binne frijwillige dielname, gjin generike krimp, gjin beheining fan fergunningen (fergund bliuwt fergund), gjin ynleverjen fan rjochten of twongen opkeap fan bedriuwen, ien wurkber belied fan Ryk en provinsjes, deposysjes falidearje mei mjittingen, it op 'en nij itigjen fan Natura2000-gebieten en in rappe ynfiering fan in drompelwearde sa't ûndernimmers net mei in soad papierwurk komme te sitten.

Fergoeding

Neffens it lânboukollektyf is it wol wichtich foar it draachflak yn de sektor dat boeren sels karren meitsje kinne oer harren bedriuwsfiering. Fierder wolle de boeren dat it kabinet de kosten dy't ûndernimmers meitsje moatte fergoedet. In oare wichtige betingst is dat de frijkommen stikstofromte net fierder ferkocht wurde mei bûten de agraryske sektor. Oars soe dat it útholjen fan de sektor ta gefolch hawwe.

It Lânboukollektyf dat mei in alternatyf stikstofplan kommen is - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Yn it rapport steane in soad inisjativen, hjir in oersjoch fan in tal wichtige maatregels:

Melkfeehâlderij

De melkfeehâlderij moat minder aaiwyt yn it foer brûke en yn stâlen moatte luchtmiksers komme, sa stelle de organisaasjes foar. Dêrnjonken moat fee mear bûten stean, want kij stjitte bûten minder stikstof út. As dong en urine minge, komt der mear ammoniak yn de loft. Mear kij bûten kostet lykwols wol romte en leveret minder molke op.

Nije dongskuven moatte de dong en urine rapper út de stâl helje, en as dêr wetter oan taheakke wurdt giet de emisje omleech. Op de roasterflieren moat in bolle toplaach fan rubber komme, sa't der minder urine op de roasters stean bliuwt. Dong soe mear fertinne en mear útriden wurde moatte en mei it dongjen moat mear rekken hâlden wurde mei it waar.

Bargehâlderij

Wat de bargehâlderij oanbelanget wize de partijen op twa regelingen om it tal bargen omleech te bringen. Der moat dus snien wurde yn it tal bargeboeren, fine de organisaasjes. Fierder moat der ek hjir minder aaiwyt yn it foer. Ek moat der benzoë-soer oan de dong tafoege wurde om de soergraad omleech te heljen. Dêrnjonken stelle de boeren stâlmaatregels foar, lykas it rap fuortheljen fan dong út de stâl en it lytser meitsjen fan it útstjittend oerflak.

Plomfee

Ek by de plomfee soe minder aaiwyt yn it foer moatte, en mear weet. Ek soe de dong fan plomfeestâlen earder fuorthelle wurde moatte en de dong mear ferwurke moatte wurde. Fleispiken wurde hjoed-de-dei faak hâlden op struiïng. De boeren stelle foar der ek turf oan ta te foegjen sa't der minder emisje út de stâlen wei komt. Ek moatte der mear loftwaskers komme om mear ammoniak út de loft te heljen.

Organisaasjes binnen it Lânboukollektyf - Foto: Landbouw Collectief

Yn it lânboukollektyf hawwe ek ferskate Fryske 'fergaderboeren' aktyf meidien oan it útwurkjen en opstellen fan it stikstofplan. Sieta van Keimpema fan de Dutch Dairyman Board fynt it bysûnder wichtich dat de boeren gjin twingende nije maatregels oplein krije. Ek wol se foarkomme dat der in soad papierwurk en ekstra kontrôles achter it stikstofprobleem weikomme. "As der wol maatregels oplein wurde, dan komme der wer nije aksjes. Dêr bin ik seker fan."

Trienke Elshof fan LTO giet der fan út, dat der hiel gau in útnûging komt fan minister Schouten fan Lânbou om fierder te praten. "Dêr is it plan ek foar makke. It kabinet is hastich en der leit in fergunningprobleem. Ik gean der dêrom fan út dat we binnen in wike mei har om tafel sitte."

Solidêr

Foarsitter Teun de Jong fan ikkerboufakbûn NAV ferklearre dat de bouboeren yn dit ferhaal 'folslein solidêr' binne mei de feehâlders. "Bouboeren wite ek mar al te goed wat politike en amtlike willekeur is. In sûne feehâlderij is foar ús fan grut belang, want wy hawwe dong nedich om op ús lân te bringen." De Jong rekkenet der op dat der ek in finansjele bydrage fan it Ryk komt foar de stikstoffoarstellen fan it kollektyf. "As der gjin jild komt, bart der neat, sit it lân op slot en geane we rjochting resesje."

Sieta van Keimpema fan de Dutch Dairyman Board

Trienke Elshof fan LTO

Teun de Jong fan de NAV

(advertinsje)
(advertinsje)