Stella van Gent komt net werom yn de ried Súdwest-Fryslân

20 nov 2019 - 12:56

Ald-wethâlder Stella van Gent komt net werom yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân. Der is gjin plak yn de fraksje fan de PvdA. Dat is woansdei bekendmakke. Van Gent tsjinne ferline wike har ûntslach yn nei't de oare leden fan it kolleezje it fertrouwen yn har opsein hiene.

Foto: Omrop Fryslân

Van Gent stapte op om't der argewaasje ûntstien wie oer har foarnimmen om tegearre mei de direkteur fan Empatec in pân te keapjen yn de binnenstêd fan Snits. Neffens fraksjefoarsitter Johan Feenstra fan de PvdA is it net sa dat de partij no gjin plak foar har meitsje wol yn de ried, mar leit it polityk net foar de hân om in âld-wethâlder ynienen nei de ried te skowen.

"It is sa dat wy seis minsken yn de gemeenteried hawwe, dy't allegearre keazen binne", fertelt Feenstra. "Dan soene wy ien fan ús oare leden de wacht oansizze moatte, en dat is net gebrûklik."

As in wethâlder opstapt, dan giet dy út de gemeentepolityk. Op it momint dat der wer in nij plak beskikber komt yn de ried, dan is de âld-wethâlder as earste oan bar om yn oanmerking te kommen foar dat plak. Neffens Feenstra stiet Van Gent ek net te springen om no fuort yn de ried te sitten, en opposysje te fieren tsjin it belied fan âld-kolleezjegenoaten.

(advertinsje)
(advertinsje)