Sliepe yn tsjerke: wurdt dit de nije Instagram-trend?

20 nov 2019 - 12:49

It soe wolris in reis-trend wurde kinne op social media: sliepe ûnder de preekstoel, of op it plak dêr't earder it alter stie. Bysûndere sliepplakken dogge it hjoed-de-dei goed op apps lykas Instagram, en fan takom jier ôf kinne toeristen ek yn Fryslân te plak foar sokke bysûndere foto's. Der komt nammentlik in proef mei pop-up 'hotelkeamers' yn tsjerken.

Foto: Roman Roobroek

"De term hotelkamers is misschien een beetje misleidend, omdat we er geen hotelkamers van gaan maken", fertelt Jennemie Stoelhorst fan 'Heilige Nachten'. It sliepplak sil makke wurde yn de besteande fasilitêre setting fan de tsjerken dy't meidogge. Der sil dus neat ferboud of oanpast wurde. "Je krijgt echter wel de kerk voor je alleen."

In part fan in oernachtingsjild dat hjirmei ophelle wurdt giet wer nei it tsjerkebestjoer, dy't dêrmei bygelyks it tsjerkegebou ûnderhâlden kin. Yn Brabân wurdt der al eksperimintearre mei sa'n tsjerkehotel: "We hebben op dit moment één kerk in gebruik, in Brabant, daar slapen mensen in een doorzichtige, verwarmde koepel, op de plek fan het oude altaar." Ek is der plak om te sitten mei kofje en tee.

Neffens Stoelhorst hat it projekt in soad potinsje yn Fryslân, en se binne dan ek bliid mei de ekstra stipe fan 45.000 euro fan de provinsje. "Fantastisch, we zijn ontzettend blij en dankbaar dat de provincie dit avontuur met ons aan wil gaan."

De organisaasje is no yn petear mei in tal tsjerken, mar is noch op syk nei oare tsjerken dy't hjiroan meiwurkje wolle. De earste nacht moat yn maart plakfine.

Jennemie Stoelhorst fan Heilige Nachten

(advertinsje)
(advertinsje)