Omrop TIP: De Fryslân DOK 'Hert & Siel'

20 nov 2019 - 11:44

De film 'Hert & Siel' hie ferline wike syn premjêre op it Noordelijk Filmfestival. Fan sneon 23 novimber ôf is de Fryslân DOK yn trije dielen te sjen by Omrop Fryslân. De searje folget de bou fan 'de Fryske motor', dy't letter by de eksposysje de namme 'Us Heit' krige. Dit keunstwurk, de replika fan in maishakselaar, stiet sûnt oktober 2019 yn it Fries Museum.

Keunstner Éric Van Hove wol mei dit wurk de wearde fan it ambacht toane. Ambachtslju hawwe alle ûnderdielen op 'e nij makke, yn harren eigen fakgebiet, fan porslein, glês, koper en beskildere hout.

In ambachtsman makket produkten mei hert en siel, mei each foar it materiaal, foar de komôf fan syn fak. It giet om ferbiningen mei de histoarje en de omjouwing. Sûnt de yndustrialisaasje is de moderne minske dy ferbiningen kwytrekke, seit Van Hove.

Sweedske glêsblazers meitsje in ûnderdiel fan de kluts fan de Fryske motor - Foto: Omrop Fryslân

Oan de binnenkant fan de motor sit in glêzen pot, dêr't de keunstner it balseme hert fan in ferstoarn hynder yn dwaan woe. It soe de 'besieling' fan it keunstwurk wurde. Mar it Fries Museum wie benaud foar protesten fan diere-aktivisten. Boppedat soe it ôfliede fan de fokus fan it keunstwurk de wearde fan it ambacht.

De diskusje oer 'it hert' jout in nijsgjirrige lading oan de Fryslân DOK.

Éric Van Hove (links) oerleit mei ambachtslju hoe't se de ûnderdielen meitsje sille. - Foto: Omrop Fryslân

Programmamakker Bart Kingma en kameraman Jan Bensliman binne ferline jier mei de opnamen fan 'Hert & Siel' úteinset yn it atelier fan Van Hove yn Marrakesh. Dêrnei 'groeide' de motor, mei wurk fan glêsblazers yn Sweden, in bonkesnijer fan Baly, keramyk en smidterij út Ljouwert, houtsnijwurk út De Knipe, skilderwurk fan Noardburgum, Hylper skilderwurk en Harnzer diggelguod.

'Hert & Siel' is te sjen op sneons om 15.30 oere by NPO2, mei Nederlânske ûndertiteling. Sneins stjoert Omrop Fryslân de searje út fan 17.00 oere ôf (werhelling alle oeren).

Diel ien: sneon 23 en snein 24 novimber 2019

Diel twa: sneon 30 novimber en snein 1 desimber 2019

Diel trije: sneon 7 en snein 8 desimber 2019

(advertinsje)
(advertinsje)