Minderjierrige jonges knalle by Ljouwert mei nitraten

20 nov 2019 - 11:07

Twa minderjierrige jonges binne woansdei troch de plysje fan Ljouwert oanhâlden foar it ôfstekken fan yllegaal fjoerwurk.

Foto: ANP

De jonges fan 14 jier wiene mei twa freonen oan de ein fan de middei op de Boksumerdyk tusken Boksum en Ljouwert dwaande om fjoerwurk ôf te stekken. Doe't de plysje harren dêrop oanspruts die bliken dat se meardere nitraten by har hiene. By ien fan de jonges waarden thús nochris 24 nitraten oantroffen.

De twa jonges mei de nitraten binne oanmeld by buro HALT, en ek is der mei harren âlden praat.

Trefwurden: 
Ljouwert fjoerwurk buro Halt
(advertinsje)
(advertinsje)