Pleatsing finishbôge op de Bonkefeart: wjerspegeljend Alvestêdekrúske

20 nov 2019 - 10:50

It keunstwurk dat by de finish fan de Alvestêdetochtrûte op de Bonkefeart komt, wurdt op dit stuit pleatst. It is in Alvestêdeskrúske dat foar de helte út it wetter wei komt. It idee is ynbrocht toch Martijn van Koningsveld en Marlies Sandee nei in oprop fan de Keninklike Feriening De Fryske Alve Stêden. De ûntbleating fan de finishbôge troch boargemaster Sybrand Buma fynt takom wike tongersdei plak.

It keunstwurk is ûntwurpen en betocht troch it keunstnersduo Tijdmakers (Saskia Hoogendoorn en Lieuwe Martijn Wijnands). Mear as tweintich jier lyn is der al in peal pleatst op de wâl, mar de feriening woe al in skoft wat grutters. Yn 2017 binne de ideeën al yntsjinne, der wiene 35 plannen. It bestjoer hat keazen foar in heal Alvestêdekrúske, dat yn it wetter wjerspegelet. Yn de jûntiid kin it keunstwurk ferljochte wurde.

Foto: Linda Visser

Sûnt 1985 is de finish fan de Alvestêdetocht op de Bonkefeart, tusken de Hegebrêge en it Heechhout. Earder wie it einpunt op de stedsgrêft.

Sa moat it der aanst út komme te sjen - Foto: Tijdmakers
(advertinsje)
(advertinsje)