Kollum: "Stella en Maarten"

"Hûnderten wethâlders rûnen moandei wat yn Den Haag om. Sy wisten sels ek net goed wat se der dwaan moasten, mar as de boeren, bouwers, ûnderwizers en ferpleechsters dêr sa no en dan ek omsjouwe, dan moat je dêr as wethâlders ek wolris in kear efkes sjen fansels. Se hiene ek wol wat te seuren, eltsenien komt nei Den Haag om mear jild. Sy seine dat se der foar de jongereinsoarch wiene, mar ast goed heardest, gie it inkeld om sinten foar dy jongereinsoarch.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Fansels is it net goed dat de ryksoerheid, as se der yn Den Haag net mear útkomme, tsjin provinsjes en gemeenten seit dat sý it mar oplosse moatte. Dat hat by gemeenten in omkeard effekt. Sa woe boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean ôfrûne wykein al hawwe dat de ryksoerheid it oprêden fan de PFAS yn syn gemeente betellet. Van der Zwan, jonge, it makket ús werklik net út, as it by dy út de kontbûse komt of by Klaas Dijkhoff út bûske fan syn frjemde festke.
It kin ús wól wat skele as gemeenten al of net goed bestjoerd wurde. Se hawwe allegearre grutte tekoarten. Kinne net begrutsje. Dêrom bin der rûnom al wethâlders fuort of is der wol politike deilis. De Fryske Marren, Tytsjerksteradiel, Smellingerlân, Dantumadiel, Weststellingwerf, gean sa mar troch. Yn alle kolleezjes en dus yn de rieden binne se wol op de iene of oare wize oan it oarloch fieren. As we der noch neat fan heard ha, komt om't se inoar yn 't genyp narje.
Sa seagen we dat wethâlder Stella van Gent ynienen troch it rút fan it gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân nei bûten smiten waard. In oare wethâlder, Maarten Offinga, rôp troch it stikkene rút dat er wat oars fan de PvdA hawwe wol. Mar nei it Stella-effekt by de ferkiezingen, is dy dêr hillich. Dus dy rûnen fuort.
In healoerke dêrnei seine de provinsiale media dat dit kaam nei in perioade fan flinke spanningen yn it kolleezje. En dat it dêr in slangekûle is. Dêr hienen wy hielendal noch noait wat fan heard. Sa se it no delsetten wie it as wisten dy sjoernalisten dat al lang. No, fertel it ús dan ek.
It frjemde wie dat ik in pear dagen dêrnei hiel wat brifkes en mailtsjes út de hiele provinsje krige fan lju dy't ek al seinen al lang te witten dat it dêr yn Súdwest net doogde. Ik fertel net wa't dat wienen, mar wit no dat neffens harren Maarten Offinga fan it CDA in op macht belutsen man is, dy't de baas spylje wol. Mar ek dat Stella van Gent in heak fan in frommes mei in grutte bek is en dêrom ek altyd deilis wie mei Maarten. En dan helle de Ljouwerter Krante ynienen ek noch it seksleven fan wethâlder Gea Wielinga der by. Betiizjend, want dat hie der net mei te krijen.
De oare politike partijen steane lykwols al wer klear om de sit fan de PvdA oer te nimmen. Sels al hawwe se ek wol te lijen hân fan it saneamde baas-boartsjen fan Offinga, wat trouwens ek net mear is as it oerwicht fan it CDA beklamme. Durk Stoker,FNP, dy't doe't hy dêr wethâlder wie ek net troch deselde doar as Offinga koe, is toch fuort. De FNP wol no wol wer. By D66 seit Miriam Bakker dat se har net werinnerje kin dat Offinga baas boarte. Da's tsjinwurdich in topútdrukking yn de polityk, dus se stiet wer klear. De ChristenUnie hie no wol wollen dat se net sa kritysk west hienen oer Offinga syn begrutting, want oars . As ratten komme se allegeare op de liken ôf.
Ik skets dit om sjen te litten dat it lang duorje sil en in soad jild kostet foardat se wer op de rigel binne. En dat der wer wurke wurdt troch sa'n kolleezje. As we wer ferkiezingen krije hoege al dy wethâlders om my noait wer fleurich te sizzen dat se it o sa mei inoar iens binne as it kolleezje ienris foarme is. En as net mei inoar omgean kinne de grûn is om út inoar te gean, moatte se harren allegearre yn en yn djip skamje."