Ludike aksjes yn sikehûs Tjongerschans: "No komme wy ris foar ússels op"

20 nov 2019 - 08:22

Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean is ien fan de Fryske sikehûzen dy't woansdei meidocht oan de lanike staking foar in bettere cao. Foar it sikehûs stiet in trekker mei spandoeken en yn it gebou hingje himden om't meiwurkers fine dat sy yn ûnderwilens it himd steane. Ek giet der in bus mei goed 30 meiwurkers nei de lanlike staking yn Utrecht. "No komme wy ris foar ússels op," seit Elco Spoelstra fan it aksjekomitee yn Tjongerschans.

Staking sikehûzen by Tjongerschans op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

"Wy stake om't wy in soad wurkdruk hawwe, net allinne op de ferpleechôfdieling mar ek op oare plakken yn it sikehûs. En wy stake om't wy eins wolris in leansferheging wolle," seit Spoelstra. "Der is wol genôch jild yn de soarch, mar it moat oars ferdield wurde," fynt hy.

Ludike aksjes

Der is fan alles te rêden yn it sikehûs op It Hearrenfean. "Op de ôfdieling binne der allegearre ludike aksjes: der is in Twister-spul, in Guozzebriefspul, der is in nonnekoar dat in filmke opnimt, der wurde smoothies makke foar it personiel en de pasjinten wurde ferwend," seit Spoelstra. Guon aksjes binne symboalysk. "Mei it Twister-spul wolle wy sjen litte hoe't ferpleechkundigen somtiden yn de knoop sitte om harren wurk goed te kinne dwaan."

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld by sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean

Sikehûsstaking by Tjongerschans op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

'Tiid foar ús fiif persint'

Yn it sikehûs wurde aksjepakketten útdield mei heskes, sjalen en toeters. "Wy libje hjir al wiken nei ta," seit in meiwurkster fan it ferpleechkundich behannelsintrum. "It is ôfgryslik drok, der binne hast gjin bêden mear. It wurdt tiid foar mear romte, mear wurdearring en ús fiif persint leansferheging. Wy geane ús útlibjen yn Utrecht. Der wurdt al sa lang oer sprutsen. De kop derfoar." It personiel wol graach dat der meitocht wurdt en dat minsken begryp hawwe foar de soarch.

Fan Tjongerschans ôf giet der in bus meiwurkers nei Utrecht

(advertinsje)
(advertinsje)