Twadde stikstofpetear mei boeren, bouwers, ûndernimmers en natuerminsken

20 nov 2019 - 07:30

De provinsje Fryslân begjint woansdei mei in twadde ronde petearen mei boeren, bouwers, ûndernimmers en natuerminsken oer de stikstofproblematyk. Dy petearen moatte Deputearre Steaten helpe by it nimmen fan 'besluten mei draachflak' oer de stikstof-oanpak, seit deputearre Johannes Kramer. Hy hopet neffens eigen sizzen 'ideeën en foarstellen út de mienskip' op te heljen, dêr't it provinsjaal bestjoer syn foardiel mei dwaan kin.

Der sit wol tiidsdruk op it proses. De provinsje luts op 11 oktober foar in seal fol demonstrearjende boeren in earder stikstofbeslút yn en dat betsjut dat der op syn lêst begjin desimber in nij beslút lizze moat. Sa'n beslút is nedich om wer fergunningen ferliene te kinnen foar bygelyks bouprojekten of boerebedriuwen.

Posityf

Johannes Kramer is posityf oer de stikstofpetearen oant no ta en sjocht dêrom út nei de twadde ronde. "Wy binne te sprekken oer de konstruktive hâlding fan de partijen. Sy wolle ek mei-inoar yn petear om te sjen oft je inoar ek helpe kinne by dit probleem."

Kramer wol yn't foar net yngean op mooglike Fryske maatregels lykas in legere snelheid op provinsjale autodiken of it útkeapjen fan boeren dy't flakby in natuergebiet buorkje. "Dêr sis ik neat oer, salang as we noch mei-inoar yn petear binne."

Desimber

Kramer: "Wy wolle wol rjochting begjin desimber mei wat komme sa't eltsenien wit wêr't er oan ta is. Wol fan it besef út dat it mar in earste begjin is fan de oanpak fan it stikstofprobleem. Hooplik lizze der begjin desimber nije regels sa't der wer fergunningen komme kinne."

Net eltsenien lokkich

De deputearre seit lykwols mei klam: "Wy sille wer nije besluten nimme moatte, en dêr sil net eltsenien hûndert persint lokkich fan wurde."

Deputearre Johannes Kramer

Foto: FNP
(advertinsje)
(advertinsje)