Histoaryske feriening Smelne's Erfskip krijt plak yn Museum Drachten

20 nov 2019 - 07:08

Nei alle gedachten krijt Smelne's Erfskip fan jannwaris ôf plak yn it gebou fan Museum Drachten. De histoaryske feriening fan Smellingerlân sit op dit stuit noch yn de kelder fan it âlde belestinggebou.

Foto: Omrop Fryslân

"Dêr kinne je eins gjin minsken ûntfange. Wy binne bliid dat wy somtiden efkes yn de biblioteek terjochte kinne, mar it liket derop dat wy plak krije kinne yn Museum Drachten. Dêr binne wy wol hiel wiis mei, it is foar ús in prachtich plak," seit bestjoerslid Roelof Hazelhoff.

Yn Museum Drachten moat in HIP komme, in 'Historisch Informatie Punt.' Dêr kinne minsken dan terjochte foar ynformaasje en om ferhalen te dielen. Ek sil der romte komme foar argyf en gearkomsten.

Ynrinmiddei

Woansdei is der noch in ynrinmiddei yn de biblioteek fan Drachten. "Dêr is materiaal te sjen fan ús en fan de biblioteek oer de skiednis fan Drachten. Der binne bannen mei de Drachtster Courant, boeken, fotoalbums en in opstelling dêr't wy âlde films en foto's sjen litte. Dat is ús kant, mar minsken kinne der ek terjochte om spul mei te nimmen dat foar ús nijsgjirrich is."

De feriening is bygelyks ynteressearre yn foto's fan âld-Smellingerlân. "Benammen de sels-makke foto's. Aansichtkaarten binne faak wol bekend, mar minsken komme somtiden ek mei foto's dêr't mar ien fan is." Dêr makket de feriening dan graach in kopy fan.

Bestjoerslid Roelof Hazelhoff fan Smelne's Erfskip

(advertinsje)
(advertinsje)