Lanlike sikehûsstaking: wêrom leit soarchpersoniel yn Fryslân it wurk del?

20 nov 2019 - 07:32

Foar it earst it der in lanlike sikehûsstaking: soarchmeiwurkers wolle mear salaris en minder wurkdruk. Yn Fryslân lizze woansdei fjouwer sikehûzen en trije polykliniken it wurk del. It fakbûn FNV skat dat der yn Nederlân tûzenen operaasjes en ôfspraken ferpleatst binne. Neffens it bûn is der ûnder pasjinten in soad stipe foar de staking. Earder wiene der ek al aksjes, mar woansei is de earste kear dat it ferpleechkundich personiel dat tagelyk docht.

Foto: ANP

In soad sikehûzen draaie in 'sneintsjinst.' Der wurdt dus wurke as yn in wykein, wat ynhâldt dat der allinne spoedopnamen binne. Intensive care, de kream-kûveuze-ôfdielingen, hertbeweitsing en onkology falle bûten de staking. Meiwurkers fan akademyske sikehûzen dogge ek net mei, want sy falle ûnder in oare cao.

Wêr yn Fryslân?

It giet yn Fryslân om it MCL yn Ljouwert, Antonius Sikehûs yn Snits, Tjongerschans op It Hearrenfean en Nije Smellinghe yn Drachten. De polykliniken dy't harren dêrby oanslute binne dy fan it Antonius op De Lemmer, dy fan it MCL yn Harns en de Tjongerschans Ortoradius klinyk op It Hearrenfean. Neffens fakbûn FNV dogge oer hiel Nederlân 119 lokaasjes mei: 83 sikehûzen, 32 polykliniken en 4 refalidaasjesintra. It soe gean om mear as 150.000 soarchmeiwurkers. Yn totaal wurkje der sa'n 200.000 meiwurkers ûnder de soarch-cao.

Meiwurkers stake om't de ûnderhannelingen tusken fakbûnen en sikehûzen muorrefêst sitte, dy geane oer salarissen en arbeidsbetingsten lykas wurk- en rêsttiden. It soarchpersoniel wurdt fertsjinwurdige troch fakbûnen, en dy komme der net út mei de wurkjouwers.

Easken fan fakbûnen

It giet om fakbûnen FNV Zorg & Welzijn, FBZ, NU'91 en CNV Zorg & Welzijn. Sy wolle in bettere cao ôftwinge: sy easkje 5 persint leansferheging yn 2020 en 2021 en ek yn 2019 al in strukturele leansferheging. It stekt foar personiel dat guon kollega's ûntslach nimme en as zzp'er op 'e nij ynhierd wurde foar mear lean, om't der in grut personielstekoart is. Sikehûzen wolle lykwols net fierder gean as 4 persint leansferheging foar beide jierren, yn 2019 ien kear 1.000 euro en it omheech bringen fan de ûnregelmjittigenstaslach.

Sikehûzen net akkoart

Sikehûzen binne feriene yn de NvZ (Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen), dat is de bransjorganisaasje dy't de belangen fan de Nederlânske sikehûzen behertiget. De sikehûzen sizze dat de easken fan fakbûnen net realistysk binne. De sikehûzen meie neffens ôfspraken mei soarchfersekerders en it Ryk net mear groeie yn omset fan 2022 ôf, om de soarchkosten ôf te remjen. Leansferheging soe dêrom net mooglik wêze, it soe liede ta mear wurkdruk, wachtlisten en besunigingen op oare plakken.

Minister fan Soarch

De partijen meitsje al sûnt de simmer rûzje oer in nije cao. Efter de skermen soene der ferhâldingen net goed wêze: begryp foar inoars stânpunten ûntbrekt. Minister Bruno Bruins fan Medyske Soarch besiket te helpen, ek al is hy eins gjin partij yn de ûnderhannelingen. Mear jild krije de partijen lykwols net fan de minister.

(advertinsje)
(advertinsje)