Ekskús fan wykagint foar rydgedrach nei efterfolging by Grou

20 nov 2019 - 06:15

In bysûnder sorry-berjocht op Twitter fan in wykagint by Grou: "Excuus voor mijn rijgedrag rond 17.30 uur." It ekskús komt lykwols nei in efterfolging. Fanwege in tal wenningynbraken waard in 27-jierrige man socht, en dy persoan ried tiisdei krekt by Grou del. Doe wie it efkes rap skeakeljen foar de wykplysje.

Foto: ANP

Yn syn wyklikse sprekoere krige de wykagint yn Grou te hearren dat der in auto mei in troch de plysje socht persoan yn de rjochting fan Grou kaam. De wykagint gie hurd nei de Stasjonswei en net folle letter seach hy de auto riden. Nei alle gedachten hawwe de beide auto's aardich hurd efter inoar riden, mar nei in efterfolging koe de sochte persoan by de Parkstrjitte stilsetten wurde.

Oanhâlding

De 27-jierrige bestjoerder is tegearre mei in kollega fan de plysje dy't op doarpssurveillânse wie oanholden. In 23-jierrige man hat in proses-ferbaal krigen om't hy gjin ID-kaart by him hie. De bestjoerder waard socht fanwege ynbraken yn wenningen. Dêrom joech de wykagint fan Grou op Twitter noch efkes oan: "Ik moest snel om een voertuig te achterhalen. Hierdoor een aantal inbraken kunnen voorkomen. Het was voor een goede zaak...."

(advertinsje)
(advertinsje)