Auto baarnt folslein út yn Drachten

19 nov 2019 - 22:07

Yn Drachten is in auto folslein útbaarnd. Doe't de brânwacht der by kaam, sloegen de flammen der al út.

Foto: Pro News

De brân wie oan de Boekweitkamp. De brânwacht hat it fjoer útmakke. Hoe't de brân ûntstien is, is net dúdlik. De plysje docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
Drachten brân
(advertinsje)
(advertinsje)