FIDEO: Lêste foarstelling Kulturele Haadstêd no yn Ljouwert: muzyk yn slowmotion

20 nov 2019 - 17:08

Eins hie de Deenske groep Aquasonic al mei Kulturele Haadstêd optrede wollen, mar omdat der ien siik wie koe dat doe net trochgean. No binne de Denen dochs noch nei Fryslân kaam. Yn de Ljouwerter Harmonie spyje se in opera ûnder wetter.

Der stean twa grutte akwariums yn De Harmonie mei tsientûzen mingel wetter. Dêr wurdt it konsert yn jûn. Artysten sjonge, mar bespylje ek ynstruminten. Under wetter. Neffens ferslachjouwer Wendy Kennedy jout dat in hiel spesjaal effekt. "It liket wol in bytsje op slowmotion-muzyk", seit se.

Tsien jier hat de groep wurke om dit foar mekoar te krijen. De ynstruminten binne spesjaal ûntwikkele foar dit projekt. Dêrfoar is gearwurke mei wittenskippers en djipseedûkers.

Foto: Johan van der Geest

Sa klinkt muzyk yn in akwarium

Trefwurden: 
Ljouwert LF2018 aquasonic
(advertinsje)
(advertinsje)