Kramer net nei toernoai om wrâldbeker yn Poalen

Sven Kramer docht kommend wykein net mei oan it twadde wrâldbekertoernoai yn Poalen. Hy hat tefolle lêst fan de rêch. Dit wykein kaam er op de 5000 meter net fierder as it trettjinde plak.
Sven Kramer (argyf) © Orange Pictures
Kramer liet nei de wedstriid witte dat er twivele oer kommende tiid. Sa min as freed hie er syn favorite ôfstân yn syn profkarriêre noch nea riden.
"Ik wol der net foar fuortrinne", sei er, oer syn oanhâldende fysike problemen. "Ik wol der better fan wurde. It is allinnich de fraach oft je hjir better fan wurde. Ik wol net op dizze manier rûnride. Dêr ha ik it no oprjocht dreech mei. Dat past net by my."
Kramer hat no besletten net mei te dwaan oan it wrâldbekertoernoai, sadat er him rjochtsje kin op syn sûnens.