Foar it earst in frou dykgraaf by Wetterskip: "Er komen veel uitdagingen"

20 nov 2019 - 07:40

Foar it earst yn de skiednis wurdt in frou dykgraaf fan it Wetterskip Fryslân. Luzette Kroon is unanym keazen troch de fertrouwenskommisje. "Dat geeft aan dat er veel vertrouwen is, het is een belangrijk signaal," seit sy sels. Kroon is no noch boargemaster fan Waterland, yn Noard-Hollân.

Foto: Wetterskip Fryslân

De dykgraaf is de foarsitter fan it wetterskip, en sit yn it deistich bestjoer. De rol is fergelykber mei dy fan boargemaster yn in gemeente. Earder wie Kroon wethâlder yn de gemeente Drechterland, ek yn Noard-Hollân. De 52-jierrige Luzette Kroon wie net oanwêzich by it bekendmeitsjen, dat is in tradysje. Kroon wie ien fan de 39 kandidaten. Dêr wiene njoggen froulju by, en 30 manlju.

De foardracht giet no nei de provinsje, dêrnei nei it ministearje fan Ferkear en Wettersteat, en dan wurdt se úteinlik by keninklik beslút beneamd. Kroon begjint nei alle gedachten yn maart as dykgraaf. Se folget dan Paul van Erkelens op. Dy giet yn jannewaris mei pensjoen.

'Alle blikvelden meenemen'

Kroon: "Het waterschap is het eerste bestuur waarmee ik zo'n 20 jaar gelden in aanraking kwam. Mijn vader was waterschapsbestuurder en agrariër, dus het is met de paplepel ingegoten. Thuis ging het er veel over. Ik ben ook actief geweest voor provinciale landschappen, dus ik weet ook wat voor schade natuurgebieden op kunnen lopen. Ik probeer alle blikvelden mee te nemen."

Utdagingen

Wat binne de útdagingen foar har? "Er liggen enorm veel ambities met de klimaatveranderingen die op ons af komen. We hebben al gemerkt hoe heftig droge periodes ingrijpen op het landschap en de agrariërs. Ik hoef maar een muizenplaag te noemen. De uitdagingen komen sneller op ons af dan verwacht. Gelukkig staat er een groot team met enthousiaste mensen klaar," seit Kroon.

Luzette Kroon, de nije dykgraaf fan Wetterskip Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)