Justysje easket selstraf nei mishanneling mei drinkglês yn diskoteek Drachten

Foar in mishanneling mei in drinkglês hat it Iepenbier Ministearje tiisdei selstraf easke tsjin in 23-jierrige ynwenner fan de gemeente Smellingerlân. De fertochte siet yn syn proeftiid foar in mislearre ripdeal op in pleats yn De Pein.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De mishanneling fûn plak yn de nacht fan 27 febrewaris yn in diskoteek yn Drachten. De fertochte hie yn de smokersromte in wurdewikseling mei in 29-jierrige man, wêrop't de fertochte him in klap joech mei in drinkglês.
De 23-jierrige fertochte seit dat er net yn de diskoteek west hat. Syn heit en syn styfmem sizze dat er by harren thús sliepte. Dochs wiene der seis tsjûgen dy't de fertochte dy nacht wol sjoen hawwe yn de diskoteek.
It slachtoffer easket 1200 euro smertejild. De man hat in bliuwend litteken boppe it linkereach.