"Domela Nieuwenhuis hat folle mear foar Fryslân betsjutten as minsken witte"

Domela Nieuwenhuis hat folle mear foar Fryslân betsjutten as dat oer it fuotljocht komt. Dat seit Sytze Giezen. Syn pake Wilhelmus Giezen koe Domela hiel goed. Yn 1917 skreau er dêr 12 siden oer.
Sytze Giezen © Omrop Fryslân, René Koster
De oerpake fan Giezen wie in striidmakker fan de sosjalistyske foarman Domela. Giezen hat noch in âld boek dêr't 12 siden yn beskriuwe hoe't syn oerpake mei Domela op 'en paad is.
As er spruts yn Fryslân, wie Domela ek wol útfanhûs by de âlde Wilhelmus Giezen. Dy organisearre ek 'meetings' mei arbeiders dy't foar harren rjochten opkomme woene. Domela hat dy minsken yn beweging krigen.
Moandei 18 novimber wie it de 100e stjerdei fan Domela Nieuwenhuis, dy't úteinlik de sosjalistyske striid opjoech en anargist waard. Der is in soad omtinken foar, mar neffens Giezen hie der wol wat mear omtinken wêze kinnen foar de betsjutting dy't Domela Nieuwenhuis spesifyk foar Fryslân hie.
Sytze Giezen oer Domela