Oantal meldingen fan diskriminaasje nimt eksplosyf ta: "Discussie rond Zwarte Piet loopt hoog op"

19 nov 2019 - 21:35

Antydiskriminaasjeburo Tûmba hat yn de earste dagen fan dizze wike fiif kear safolle meldingen krigen fan diskriminaasje as gewoanwei yn ien wike. Dat seit Mirka Antolovic fan Tûmba.

Foto: Kappers Media

Neffens Antolovic binne der normaalwei sa'n fjouwer of fiif meldingen yn de wike. Fan sneon oant en mei tiisdei binne der al 23 meldingen binnen kaam.

De helte fan de meldingen hat te krijen mei de diskusje oer de kleur fan Swarte Pyt. "We merken dat die discussie hoog oploopt in Friesland", seit Antolovic.

Foar elk gefal wurdt besjoen wat oft der mei de melding dien wurdt. Yn guon gefallen wurdt oanjefte dien, mar lang net altyd. "Er is vandaag een melding binnengekomen over een voorval op een school. Met die school gaan we in overleg, om te kijken of we daar voorlichting kunnen geven."

Tûmba kin de ekstra meldingen mar amper oan. "We willen iedereen heel graag helpen, en dat verdienen ze ook, maar als dit zo doorgaat heb ik straks een tekort aan personeel."

Mirka Antolovic tan Tûmba: "Ik moet me inhouden niet te gaan huilen"

Antolovic wurdt der soms raar fan, as se heart wat minsken meimeitsje. "We weten allemaal dat dit speelt, maar nu komen mensen met hun verhaal. Ik praatte vandaag met een vrouw, die zei dat ze al 45 jaar haar mond dicht heeft gehouden. Nu zegt ze iets, en dan krijgt ze te horen dat ze 'op moet rotten naar haar eigen land'. Nou, dan moet ik me inhouden om geen tranen in mijn ogen te krijgen."

Trefwurden: 
Tûmba diskriminaasje
(advertinsje)
(advertinsje)