Provinsje stipet fotosearje op Thialf mei 15.000 euro

19 nov 2019 - 19:14

It provinsjebestjoer wol 15.000 euro subsydzje jaan oan de mediagalery 'Tien voor Thialf' yn it Thialfstadion. De mediagalery fan Tien voor Thialf bestiet út tsien grutte swart-wyt foto's fan bekende reedriders, lykas Sven Kramer, Ireen Wüst en Rintsje Ritsma.

it portret fan Rintje Ritsma dat yn de mediagalerij hinget - Foto: Stephan Vanfleteren

It binne net allinne bekende nammen dêr't in portret fan makke is; ek oaren dy't belangryk binne foar Thialf binne op de foto setten, lykas iismaster Beert Boomsma, speaker Joop Bleeker en in fanatike supporter Aly Letema. De foto's binne makke troch fotograaf Stephan van Fleteren.

Fierder wurdt de galery brûkt as ûntfangsromte en der wurde parsepresintaasjes jûn. Neffens Deputearre Steaten is 'Tien voor Thialf' in wêzentlik ûnderdiel fan it nije iisstadion.

(advertinsje)
(advertinsje)