Provinsje jout mear romte oan wynmûnen fan boeren en doarpen

Boeren soene tenei trije lytse wynmûnen by har bedriuw pleatse meie, fan op syn meast 15 meter heech. En doarpen mei in âlde doarpsmûne soene dy ferfange meie troch in modernen-ien fan op syn meast hûndert meter heech. Dat blykt út de nije regels foar wynenerzjy dy't it provinsjebestjoer tiisdei fêststeld hat.
Molen de Eendracht © Anna Zuidema
Deputearre Sietske Poepjes hâldt rekken mei in soad reaksjes, want alles dat mei wynenerzjy te krijen hat leit gefoelich yn Fryslân. Se ferwachtet dat Provinsjale Steaten de nije regels begjin takom jier ofisjeel fêststelle.
Ek yn de nije situaasje meie der net samar wynmûnen pleatst wurde. Boeren meie allinnich in wynmûne pleatse as se de enerzjy op it eigen bedriuw brûke kinne. Wynmûnen pleatse mei it doel om de stroom werom te leverjen oan it net is yn prinsipe net de bedoeling.
Fierder is it ek sa dat allinnich doarpen dy't al in eigen doarpsmûne hawwe tastimming krije kinne om in hegere mûne te pleatsen. De nije feroardering biedt gjin romte oan nije inisjativen foar wynmûnen troch bygelyks in enerzjykoöperaasje.
Deputearre Sietske Poepjes oer de nije regels