"Gasboarring Noardwâlde noch hieltyd tsjin de regels"

19 nov 2019 - 21:15

De feriening Milieudefensie tinkt dat Vermilion him noch hieltyd net oan de regels hâldt by de gasboarringen yn Noardwâlde. In nije metoade om de útstjit te mjitten, soe net folslein wêze.

Dizze wike kamen de wurksumheden yn Noardwâlde-Sânhûzen yn it nijs omdat se soargje foar lûdsoerlêst.

Gaswinningsbedriuw Vermilion wurket sûnt maaie oan in nije gasput bij Noardwâlde. Tusken july en septimber hat de lokaasje ôfsletten west. Vermilion moast it wurk stillizze omdat der gjin miljeufergunning oanfrege wêze soe. Boppedat soe de útstjit fan stikstof in oanslach wêze op kwetsbere natoer yn de omjouwing.

Nei de beruchte stikstofútspraak fan de Ried fan Steat, ein maaie, waard yn sân hasten in nije berekkeningsmetoade ûntwikkele. Dêrmei soe de stikstofútstjit behoarlik nei ûnderen gean. It ministearje fan Natuer joech dêr grien ljocht foar, en begjin oktober koe Vermilion wer los.

'Herberekening zeer discutabel'

Neffens Milieudefensie is de nije berekkening net kompleet. Bepaalde wurksumheden soene net meinaam wêze, wylst se yn eardere berekkeningen wol foarkamen. "Zo kun je dus toewerken naar een gunstigere uitkomst, die overigens nog steeds niet nul is", seit Alie Eiting fan Milieudefensie. Se neamt de nije berekkeningen 'zeer discutabel'.

Milieudefensie hat dêrom in saak oanspand by de rjochtbank fan Amsterdam. By dy sitting sei Vermilion dat se tinke dat se ein novimber klear binne mei de 'diepboring'.

Dassen yn desimber

Dat soe goed útkomme, omdat yn desimber in kwetsbere perioade yn giet foar de das. Der binne meardere dasseboargen yn de direkte omjouwing fan de boarlokaasje yn Noardwâlde. Vermilion hat fan it Ministearje gjin ûntheffing krigen om yn de desimberperioade oan it wurk bliuwe te kinnen.

Vermilion lit yn de omjouwing fan de boarlokaasje witte dat it bedriuw ferwachtet dat it wurk pas ein desimber klear is. In wurdfierder fan Vermilion seit dat ek tsjin de noardlike regionale omroppen. "De diepboring zal nog enkele dagen duren en de geluidsoverlast dus ook. Maar eind december zijn we klaar."

De útspraak fan de rjochtbank yn Amsterdam is ein novimber. "De overlast in Noordwolde is niet meer te stoppen," seit Milieudefensie, "maar toekomstige plannen zullen anders moeten worden benaderd.

(advertinsje)
(advertinsje)