Steatefraksjes sjogge mooglikheden sâltwinning ophâlde te litten

19 nov 2019 - 19:16

De Steatefraksjes fan de Partij van de Dieren, Grienlinks en de SP wolle de winning fan sâlt ûnder it Waad dochs noch tsjingean. De fergunning dy't ferliend is, soe basearre wêze op âlde ynformaasje. De fraksjes sjogge dêr mooglikheden yn om de sâltwinning ophalde te litten.

Foto: Omrop Fryslân

Ut berjochtjouwing fan ûnder oare Omrop Fryslân docht bliken dat de eardere deputearre Sjoerd Galema op basis fan ferkearde ynformaasje him útsprutsen hat foar de winning fan sâlt.

Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren: "Frisia Zout wilde de zoutwinning vanwege de vele protesten en de angst voor bodemdaling verplaatsen naar de zee, maar dat was eigenlijk een rijksaangelegenheid. Toen deden zij een soort moreel beroep op de provincie om dat voor elkaar te krijgen, terwijl die daar niet over kunnen beslissen. Intussen was de Waddenzee toen ook al Werelderfgoed."

Rinie van der Zanden (PvdD) oer it dochs noch tsjingean fan sâltwinning

De ekonomyske wearde fan de sâltwinning foar Fryslân liket lyts te wêzen. Mar de winning sil nei alle gedachten wol skea tabringe, benammen oan it Waad. De trije fraksjes wolle no fan de Deputearre Steaten witte wat sy noch dwaan kinne en dwaan wolle om de winning ophâlde te litten.

Oare omstannichheden? Fergunning ynlûke

It ministearje kin nammentlik ûnder feroarjende omstannichheden de fergunning ynlûke of oare easken stelle oan de sâltwinning. Van der Zanden ferfolget: "In elk geval zijn er nu extra risico's op dat gebied en ook extra toezicht op de zoutwinning. Maar pekelwater en dieselolie lekken uit pekelholtes. De afnemende druk in de holtes zorgt eveneens voor extra bodemdaling."

Mear risiko's as earder tocht

Ut it rapport fan it 'Steatstafersjoch op de mynbou'' (Staatstoezicht op de Mijnen. SodM) docht bliken dat der mear risiko's binne as earder tocht waard.

"We weten er ook nog het fijne niet van, want dan is dat weer een bedrijfsgeheim, maar als er dieselolie onder het Wad wordt gebruikt kun je zeggen: Niemand ziet het. Als dat lekt, betekent dat het op het zeewater gaat drijven. Dat is erg schadelijk voor alles wat in zee leeft en zwemt," sa seit Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren.

(advertinsje)
(advertinsje)