Boeren kinne mei konkrete plannen bydrage leverje oan nij lânboubelied

19 nov 2019 - 17:34

Boeren yn Fryslân en Grinslân besykje mei in proef út te finen hoe't sy bydrage kinne oan in better klimaat en miljeu en oan in grutter bioferskaat. Foar Fryslân dogge de boeren mei dy't harren feriene hawwe yn de Noardlike Fryske Wâlden.

Foto: A. Baken

Doel is om út te sykjen wat de boeren sels dwaan kinne om it miljeu better te meitsjen en tagelyk op in rendabele wize wurkje te kinnen. Sa soene se miskien fergoedingen krije kinne yn de foarm fan in bonus foar de ynspanning ('jild foar de muoite') en jild foar misrûne ynkomsten. Ferbettermooglikheden binne lytsskaligere lânbou, natuerfreonlik behear fan de rânen fan it boerelân en sleatten en it plantsjen fan mear ferskate soarten gers yn plak fan de monokultuer fan it Ingelske raaigers. In oar idee is in puntesysteem foar fergrieningsmaatregels.

De plannen wurde fan ûnderen op makke, troch de boeren sels. De plannen wurde kominearre oer in grutter gebiet. Dan wurdt besjoen oft it yn de praktyk útfierber is en hoe dit te beleanjen falt.

Foarsitter Albert van der Ploeg fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Albert van de Ploeg fan de Noardlike Fryske Fryske Wâlden leit út hoe't soks konkreet yn syn wurk giet: "It nije lânbougebiet giet yn 2022 of 2023 yn. Elkenien hat no de kâns om mei ideeën te kommen. Der binne sân lanlike proeven. dy't dêrmei dwaande binne. Wy binne dêr ien fan, mei boere-organisaasjes yn Grinslân."

Wat kinne de boeren dwaan?

Se kinne bygelyks de sleatten hekkelje op in manier dat it sa min mooglik skea tabringt. En boeren kinne de rânen fan harren lân ynsiedzje mei blommen en krûden, fertelt Van der Ploeg.

Doel is dat der bedriuwsplannen komme foar elke boer dy't dat wol ôfsûnderlik. "Dan lizze wy al dy plannen njonkeninoar en fertale dat nei in plan fan oanpak dêr't ek rekken yn mei hâlden wurdt mei ynkomsten foar de boer. It advys giet nei it lanlike regear en úteinlik nei Brussel foar Europeesk lânboubelied.

Albert van der Ploeg

(advertinsje)
(advertinsje)