Janneke (25) bliid mei trochbraak yn MS-ûndersyk: "Dit is in ljochtpuntsje"

19 nov 2019 - 17:14

Janneke Knol fan Boarnburgum is tige bliid mei it nijs dat in medisyn foar MS in stap tichterby kaam is. "Dit kin in moaie takomst betsjutte", seit se. Janneke Knol hat sels MS.

Foto: Janneke Knol

Wittenskippers fan it Radboudumc yn Nijmegen sizze dat se meardere DNA-farianten ûntdutsen ha dy't soargje foar in grutter risiko op MS. Omroep Gelderland skriuwt dêroer.

"Hjirmei hoopje se dat se de oarsaak fan MS fine kinne", seit Knol. "Faaks kinne se it dan genêze."

By MS wurdt de beskermlaach fan de harsensenuw skansearre. Dêrtroch kinne de senuwen net mear goed mei-inoar kommunisearje. Dat is nedich om bygelyks goed rinne te kinnen. Knol hat dêr soms in rollator by nedich, mar se hat it measte lêst fan konsintraasjeproblemen, seit se.

Knol tinkt net dat it ûndersyk út Nijmegen har fuortendaliks helpe sil. "Ik tink dat se der noch wol in jier as 10 mei dwaande binne. Mar it is wol in ljochtpuntsje.

(advertinsje)
(advertinsje)