"Gemeente moat alternativen sykje foar gaslieding troch beskerme natuergebiet"

De gemeente Hearrenfean moat alternativen ûndersykje foar de oanlis fan in gaslieding troch it natuergebiet Ketliker Skar. Dat advisearret in ûnôfhinklike kommisje.
It Ketliker Skar © Google Streetview
De gaslieding is nedich foar it transport fan gas nei in behannelingsstasjon by Mildam. It gas komt út in gasfjild by Nijhoarne. Gasbedriuw Vermilion Energy wol dêr oant 2029 ierdgas winne.
De gemeente Hearrenfean moat bestimmingsplannen wizigje foardat Vermilion begjinne kin mei it oanlizzen fan de liedingen en it produsearjen fan it gas. Dêrfoar is it nedich dat de gefolgen foar it miljeu ûndersocht wurde yn in saneamd miljeueffektrapport. De ûnôfhinklike kommisje m.e.r. advisearret oer de ynhâld fan it rapport.
Neffens de kommisje kin it oanlizzen fan de gaslieding nei Mildaam de wetterhúshâlding fan beskerme natuer fersteure. De kommisje advisearret te ûndersykjen oft de lieding ek om it Ketliker Skar hinne kin. Der soe ek ûndersocht wurde moatte oft de gaswinning soargje kin foar trillingen en boaiemdelgong.