Stedsbelang Drylts stiet op it rantsje fan opheffing

19 nov 2019 - 14:10

As der net gau nije bestjoersleden komme, moat Drylts it fan takom jier ôf dwaan sûnder stedsbelang. It sittende bestjoer hat der by elkoar opteld tweintich jier opsitten as lûker fan de karre en wol it stokje graach oerdwaan oan nije minsken. Mar dy binne net te finen.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"We hebben diverse oproepen gedaan via Facebook en via ons dorpsblad", fertelt ynterim-foarsitter Sanne van Lienden fan stedsbelang Drylts. "Daarnaast hebben we mensen persoonlijk benaderd, maar daar hebben we geen reactie op gekregen."

It stedsbelang hat him de ôfrûne jierren ûnder mear dwaande holden mei it werbestimmen fan it âlde gemeentehûs. En mear algemien, as ynwenners klachten hawwe, giet stedsbelang yn petear mei de gemeente.

Opheffingsgearkomste

Op 3 desimber is de earste opheffingsgearkomste. As der dan gjin bestjoersleden binne, is it dien mei stedsbelang. Van Lienden: "Ik vind het heel erg jammer dat er geen mensen meer zijn, die er ook voor de stad willen zijn."

Ynterim-foarsitter Sanne van Lienden

Trefwurden: 
Drylts stedsbelang opheffing
(advertinsje)
(advertinsje)