Pontsje fuort, tenei mei fyts oer hege biobrêge by Ritsumasyl

It wie in needmaatregel dy't sa goed foldie, dat der no mei pine yn it hert ôfskie fan naam wurdt: it pontsje oer it Van Harinxmakanaal by Ritsumasyl en Deinum. Tiisdei fart er foar it lêst. Om't de fytsbrêge klear is, is de pont net mear nedich.
Pontsje fuort, tenei mei fyts oer hege biobrêge by Ritsumasyl
Skande fine guon fytsers, mar dêrfoar yn it plak krije se no wol in moaie, nije brêge. De earste fytsers stiene tiisdeitemoarn al op de trapers om de hege brêge te beklimmen.
Foar wa't noch gjin ôfskie nimme kin fan it pontsje: kinst de tiisdei de hiele dei noch hinne en wer en dan is tiiisdeitejûn om tsien oere echt de alderalderlêste oertocht fan it pontsje.
It pontsje fan Ritsumasyl © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Janneke Broers fan de provinsje Fryslân: "De earste fytsers binne al oer de brêge gien"
Pontbaas Jan Visser fan it pontsje fan Ritsumasyl © Omrop Fryslân
Pontbaas Jan Visser: "Minsken sizze: 'Wat spitich dat jo ophâlde moatte'"
De brêge is makke fan in spesjaal materiaal dêr't ek flaaks yn ferwurke is. Hy wurdt ek wol de biobrêge neamd.
De nije fytsbrêge by Ritsumasyl, hjir is er noch net klear © Omrop Fryslân
Pontbaas Visser libbet mei mei de minsken dy't er wol gauris oerset