'Tiltmeter'moat skea oan wenningen yn kaart bringe

19 nov 2019 - 12:19

Om oan te toanen dat wenningen skea oprinne troch gas- en sâltwinning hat wenningkorporaasje Noordwest Friesland yn fjouwer wenningen spesjale meters ynstallearre. It giet om 'tiltmeters', dy't wurkje mei in technyk dy't al langer bestiet. It apparaat mjit hiel sekuer feroarings yn de boaiem en makket dêr dan in 3D-model fan.

Bewiislêst leit by eigener

Yn Noardwest-Fryslân wurdt al langere tiid gas en sâlt út de boaiem helle. Dat dy winning skea oan wenningen feroarsaket, is dreech oan te toanen. Wetlik is fêstlein dat de eigener fan de wenning dat bewize moat. Allinne foar skea troch gaswinning yn Grinslân is in útsûndering makke. Foar de rest fan Nederlân jildt dat minsken sels oantoane moatte dat de skea troch de winning komt.

Wenningkorporaasje Noordwest Friesland fynt eins dat de bedriuwen dy't gas en sâlt winne de gefolgen ek ûndersykje moatte, omdat dy bedriuwen dêr de kennis en middelen foar hawwe. Dat bart net en dêrom hat de wenningkorporaasje besletten om it dan sels mar te dwaan.

Op en del geande beweging wurdt metten

It bedriuw StabiAlert hat yn opdracht fan de wenningkorporaasje yn fjouwer wenningen yn Tsjummearum sokke 'tiltmeters' pleatst. It giet om wenningen oan de Johan Roordastrjitte, de Sjoerd Draijerstrjitte, de Lytse Buorren en Evert Sybesmastrjitte. Tiltmeters meitsje gebrûk fan in technyk dy't al langer bestiet. De apparaten kin hiel sekuer mjitte hokker feroarings der yn de boaiem plakfine en makket dêr 3D-modellen fan.

De apparaten binne yn oktober yn de krûpromte fan de wenningen pleatst en yn gebrûk nommen. De effekten fan de gas- en sâltwinning wurde de kommende jierren mjitten.

Reinier Brongers en Rein Hagenaars sette de tiltmjitters yn wurking. - Foto: eigen foto

Gerard van Keulen fan wenningkorporaasje oer de tiltmeters

(advertinsje)
(advertinsje)