Judoka Sanne Vermeer mist Olympyske Spelen fanwegen hamstringblessuere

19 nov 2019 - 11:46

In grutte domper foar judoka Sanne Vermeer fan Stiens. Sy mist sa goed as wis de OIympyske Spelen fan takom jier yn Japan. De 21-jierrige Friezinne hat it ôfrûne wykein in swiere hamstringblessuere oprûn.

Foto: Orange Pictures

Sanne Vermeer

Dat barde by de Europa League yn Portugal. Medysk ûndersyk yn it sikehûs yn Ede hat útwiisd dat de linker hamstring fan Vermeer ôfskuord is. De judoka is dêrtroch tusken de seis en njoggen moannen útskeakele en kin dan ek gjin punten helje foar de olympyske ranglist.

Vermeer wie yn de klasse oant 63 kilo yn de striid mei Juul Franssen om út te meitsjen wa't takom jier nei de Olympyske Spelen mei.

(advertinsje)
(advertinsje)