Ofskiedsbrief deasketten Joadske ûnderdûker wurdt foarlêzen op betinking Menaam

19 nov 2019 - 11:36

Yn Menaam wurde tiisdei twa eksekúsjes út de Twadde Wrâldoarloch betocht. It giet om represaillemaatregels by Hjerbeam en by Menaam. Yn beide gefallen skeaten de Dútsers trije minsken dea, omdat it ferset kopspikerkes op de dyk struid hie.

Foto: oorlogsgraven.nl

De eksekúsje by Hjerbeam wie op 18 novimber en dy by Menaam ien dei letter. De betinking fan tiisdei is foar ie kear omdat it 75 jier ferlyn is. De skoalle fan Menaam hat de tinkstien adoptearre. Alle jierrren is dêr in regulierere betinking op 4 maaie, mar dêr is mar ien persoan om te betinken, fertelt inisjatyfnimmer John Löwenhardt fan de betinking Menaam-Hjerbeam.

Löwenhardt fynt it opfallend dat de beide doarpen net faninoar wisten dat der dei-op-dei eksekúsjes west hawwe. De ynformaasje dêroer is te bot fersnipele.

Twa bruorren

By de betinking fan tiisdei binne der meardere taspraken. Sa sil de jongere broer fan de deasketten Hans Goudsmit oerkomme út Amearika. De Joadske bruorren sieten ûnderdûkt yn Blije. Hans waard oppakt en yn de finzenis yn Ljouwert fêstset. Hy wie 23 jier doe't er by Menaam deasketten waard. Hans leit op it tsjerkhôf yn Menaam. Syn jongere broer wennet ûnder de namme Fred yn de Feriene Steaten.

Fierders sil in oantroude neef by de betinking Hans Goudsmit syn ôfskiedsbrief foarlêze. De oare taspraken binne fan dûmny Van Olffen fan Menaam en fan de boargemaster fan de gemeente Waadhoeke.

Inisjatyfnimmer John Löwenhardt

(advertinsje)
(advertinsje)