Bewenster (34) oanhâlden foar brânstichting op De Jouwer

19 nov 2019 - 14:43

De plysje hat in 34-jierrige frou fan De Jouwer oanhâlden op fertinking fan brânstichting. By in fûle brân gong in wenhûs oan de Stasjonsstrjitte moandeitenacht foar in grut part ferlern. De brân begûn mei in eksploazje, dy't sa lûd wie dat de meldkeamer tsientallen meldings krige.

De frou wurdt tiisdei troch de plysje heard. Doe't de brân útbruts, waard net ien yn de wente oantroffen. Ek doe't de brân útmakke wie, die bliken dat net ien yn de wenning wie. De 34-jierrige fertochte is de bewenster fan it hûs.

Buertûndersyk

De plysje docht in buertûndersyk yn de omjouwing fan it ôfbrânde hûs. Tiisdei is ek in forinsysk team oanwêzich, dat spoare-ûndersyk docht. Dêrby wurde ek spesjaal oplate hûnen ynset.

De ravaazje oan de Jouster Stasjonsstrjitte - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)